Art. 1 Ynstellingsbeslút Tydlike kommisje garandearjen Fryske taal yn ’e Media, Begrypsbepalingen

Ynstellingsbeslút Tydlike kommisje garandearjen Fryske taal yn ’e Media

Yn dit beslút wurdt ferstien ûnder:

a. minister respektivelik de Minister fan OCW: de Minister fan Underwiis, Kultuer en Wittenskip;

b. de Minister fan BZK: de Minister fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes;

c. kommisje: de kommisje neamd yn kêst 2;

d. ferdrachsôfspraken: de ôfspraken lykas fêstlein yn kêst 11 fan it Europeesk Hânfest foar regionale talen of talen fan minderheden en yn kêst 6 en 9 fan it Ramtferdrach oangeande it beskermjen fan nasjonale minderheden.